Tsientallen protest-bananen op strân Skiermûntseach

Ek Nederlân is in bananerepublyk, sizze de aksjefierders tsjin minister Kamp © Natuurmonumenten Schiermonnikoog
Op it strân fan Skiermûntseach binne sneontejûn tsientallen bananen 'oanspield'. De bananen komme nei alle gedachten net fan in skip, mar binne dêr deillein troch aksjefierders dy't tsjin proefboarrings binne. Se reagearje sa op de útspraak fan minister Kamp, dat 'Nederlân gjin bananerepublyk is'.
De minister sei yn de Twadde Kamer dat hy it bedriuw 'Engie E&P Nederland' gjin boarfergunning wegerje mei. It bedriuw wol yn in natoergebiet noardlik fan it eilân nei gas boarje.

Bananerepublyk

"In wetten is vastgelegd hoe wij met vergunningen in dit land omgaan. Ik moet me daar aan houden', sei Kamp tongersdei noch. "Het is hier geen bananenrepubliek." Mei de bananen op it strân wolle de aksjefierders sjen litte dat ek Nederlân in bananerepublyk is. Neffens ien fan harren betsjut de útspraak fan Kamp dat "it blykber allinnich yn bananerepubliken mooglik is om gaswinning yn natuergebieten op te kearen".

Petysje

Yntusken is der úteinset mei in petysje om Kamp op oare gedachten te bringen. Tiisdei stimt de Twadde Keamer oer in moasje tsjin de proefboarrings by Skiermûntseach. Nei alle gedachten is in mearderheid yn de Twadde Keamer foar dy moasje.