CDA Achtkarspelen sjocht op kemping yn Twizel

19 jun 2016 - 15:50
  • It CDA op kemping De Wedze

De CDA-fraksje fan Achtkarspelen hat freed op wurkbesite west by kemping de Wedze yn Twizel. De kamping leit yn it bûtengebiet fan Achtkarspelen. De fraksje hat mei eigeners Kloosterman en Bijlsma praat oer hoe't de gemeente de kommunikaasje en gearwurking mei ûndernimmers ferbetterje kin. Ek waard der praat oer de gearwurking yn de toeristyske sektor ûnderling en oer de toeristebelesting.

Neffens de partij wie it in goeie besite, benammen om in byld te krijen fan hoe't it derfoar stiet mei de toeristyske sektor yn de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)