Skea troch springtij op Waadeilannen falt ta

19 jun 2016 - 15:18

It liket ta te fallen mei de springtijskea op de Fryske Waadeilannen. Dat seit natuerman Otto Overdijk fan Natuurmonumenten. Ornaris is it springtij yn juny in gefaarlike tiid foar briedfûgels, omdat de kwelders dêr't sy yn briede ûnder wetter rinne. Mar trochdat der dit jier hast gjin wyn stiet falt it ta mei de hoemannichte wetter yn de kwelders.

Dit jier is lykwols wol in bysûnder springtij. It is foar it earst sûnt de simmer fan 1967 dat it folle moanne wêze sil op de koartste nacht fan it jier.

Trefwurden: 
springtij skea Waadeilannen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)