Spûkrydster oarsaak oanriding op A7 by Wûns

19 jun 2016 - 15:14

Op de A7 yn de buert fan Wûns is sneintemiddei neffens de plysje in spûkrydster mei in twadde auto yn botsing kaam. Ien fan de auto's kaam troch de klap dwers op de dyk te stean. Yn earste ynstânsje waard de traumahelikopter oproppen, mar dy koe al gau wer ôfmeld wurde. Ien persoan is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs.

It is noch net bekend hoe't it giet mei de oare ynsittenden fan de auto's. It ferkear op de A7 hat in skoft lêst hân fan fertraging. Der wie in mar ien rydstripe beskikber foar it ferkear en dêrtroch ûntstie in file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)