Kimswert fiert Grutte Pier-famyljedei

19 jun 2016 - 12:02
  • Alles draait om Grutte Pier
  • Grutte Pier

Kimswert stiet snein de hiele dei yn it teken fan de Grutte Pier-famyljedei. Minsken dy't op in bepaalde manier neiteam binne fan Grutte Pier, komme yn it doarp by elkoar op heitedei. De famyljedei is in feestlike ôfsluting fan it ûndersyksprojekt fan Tresoar.

Meiwurkers fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum hawwe it ôfrûne healjier socht nei minsken dy't ôfstamme fan Grutte Pier. Mear as 4000 minsken hawwe reagearre op de oprop "Bisto der ek ien fan? Sykje it út!" fia de webside www.gruttepierdefamylje.nl.

Dêr koe men syn oersjoch fan âlden en foarâlden ynstjoere. Tresoar hat fan 1500 minsken útfûn dat se fan Grutte Pier ôfstamme. Dêrûnder ek astronaut André Kuipers, fotomodel Doutzen Kroes, musicalstjêr Tim Douwsma en politika Lutz Jacobi. Tresoar hat út 25 lannen reaksjes krigen. Dêrûnder wiene Friezen om utens út Súd-Koreä, Australië, Suriname en Kamerûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)