Muzikale oade oan John Eskes yn poppoadium Neushoorn

19 jun 2016 - 11:38

Yn poppodium Neushoorn yn Ljouwert wurdt snein in muzikale oade jûn oan de ferline jier ferstoarne muzikant, komponist en dirigint John Eskes. Under oare de Big Band Ljouwert, klassyk gitarist Ger Oosterhaven en it kombo Bauke van der Woude dogge mei. Ek Hans Sambrink, it sjongkoar Ferskes, sjonger Herman Erbé en drummer André Hoekstra binne der by.

Der wurdt net allinnich spile, der wurde ek ferhalen en anekdoates oer Eskes ferteld. John Eskes spile ûnder oare yn de begeliedingsbands fan Rients Gratama, Paul van Vliet en Adèle Bloemendaal.

Hy wie ek musikus by it VARA-dûnsorkest en it pop-ensemble Still. By de Big Band Ljouwert wie 'er dirigint. Ek skreau Eskes as komponist tal fan muzykstikken. De muzikale oade oan John Eskes begjint om 15.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)