Plysje fisket nachtlike besikers út swimbad fan Wommels

19 jun 2016 - 11:15

Yn Wommels binne yn de nacht fan sneon op snein meardere jongeren betrape op it yllegaal besykjen fan it swimbad yn it doarp. It giet yn totaal om sân jongeren dy't op noch ûnbekende wize it ôfsluten terrein opkaam binne. It is net foar it earst dat jongeren besykje it terrein op te kommen. De jongeren hawwe in bekeuring krigen foar harren oertreding.

Mei de doarpsfeesten hâldt it swimbad der al rekken mei dat der wat oansketten minsken op it terrein komme. De kleden komme dan net oer it bad sadat se net stikken reitsje kinne.

De aksje fan fannacht hat gjin skea jûn, mar lykwols soe it swimbad graach hawwe dat it net wer barde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)