Erwin Zeinstra yn aksje by wedstriid Kroäsië tsjin Spanje

Erwin Zeinstra mei it team yn training foar it EK © ANP
It skiedsrjochtersteam fan Björn Kuipers, mei dêryn Erwin Zeinstra fan Dronryp, hat tiisdei te lieding oer de wedstriid tusken Kroäsië en Spanje. Dat meldt de NOS. It is it twadde EK-duel foar it team fan Kuipers. Ferline wike tongersdei krige it team al die lieding oer de topwedstriid tusken Poalen en Dútslân. Kuipers en syn team krigen kompliminten foar harren wurk yn dizze wedstriid.
Spanje is al wis fan de folgjende ronde, en Kroasië hat oan in lykspul genôch om troch te gean.
Yn de lêste wedstriid fan Kroäsië moast de wedstriid noch koarte tiid stillein wurde omdat fans fjoerwurk it fjild opsmiten hiene.