TIP: 'Al jong opbaarnd' yn Buro de Vries

19 jun 2016 - 09:05
  • Annagreet en har freon Klaas

Sawat 1 op de 10 jongeren hat lêst fan stress, is depressyf of is deawurch. Klachten dy’t liede kinne ta in burn-out. Burn-out is in groeiend probleem ûnder jongeren. Annagreet Miedema krige op har 20e in burn-out. Se makke der in reportaazje, dêr't se har eigen ferhaal yn fertelt: “It is no twa en in heal jier lyn en alle kearen as ik der oan tink krij ik wer triennen yn de eagen”.

Se prate mei har mem: “Do hast altyd hiel gefoelich west, hiest in grut ferantwurdlikheidsgefoel en wiest perfeksjonistysk”. Ek saakkundigen komme oan it wurd.

Annagreet har freon Klaas warskôge har, mar se woe de sinjalen net sjen. Aspekten dy't ek weromkomme yn it ferhaal fan Kim, in studinte dy't lykas Annagreet ek in burn-out krige.

Annagreet Miedema studearret sjoernalistyk oan Windesheim yn Swolle. De radiodokumintêre ‘Jong al opbaarnd’ is har ôfstudearprojekt. Dizze wurdt snein útstjoerd yn it programma Buro de Vries 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)