Jongeman rekket bewusteleas op de Noardkade yn Drachten

19 jun 2016 - 07:35
  • De man waard op de Noardkade bewusteleas slein

In jongeman is sneintemoarn betiid bewusteleas rekke op de Noardkade yn Drachten. De plysje hat de nammen fan belutsenen en tsjûgen opskreaun, mar it is net rjocht dúdlik wat der no krekt foarfallen is. Neffens omstanners soe de man slein wêze, mar wat der krekt bard is, is noch ûndúdlik.

De helptsjinsten en ek de traumahelikopter waarden ynskeakele. De man is op it plak dêr't er net goed waard stabilisearre en oanslutend nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket wat der krekt bard is.

Plysje-ûndersyk hat snein útwiisd dat de jonge nei alle gedachten net mishannele is, wat yn earste ynstânsje tocht waard, mar sels net goed wurden is. De jonge sil nei alle gedachten ek gjin oanjefte dwaan. Der wie, flak foardat de jonge net goed waard, wol spul op de Noardkade yn in groep jongeren. Dêrtroch tochten omstanders en de plysje yn earste ynstânsje dat it om mishanneling gie. Dy lêzing is snein yn de rin fan de dei bysteld, neidat der oerlis mooglik wie mei de jonge en syn famylje. De jonge wie yn earste ynstânsje net oansprekber, sa lit de plysje wite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)