Dieven rôve ûnderdiel út Skodaspegels Techum

18 jun 2016 - 18:05

Oan it Bûthús yn de Ljouwerter wyk Techum hawwe dieven yn de nacht fan freed op sneon in elektrysk ûnderdiel út de bûtenspegels fan trije parkearde Skoda's stellen. De eigners fan de auto's hawwe oanjefte dien. De plysje sil de stellerij ûndersykje.

Neffens de plysje bart it wol faker dat dieven it foarsjoen hawwe op in spesifyk type autospegel. Yn de spegel sit in elektrysk ûnderdiel, dêr't foar de ieders wol hannel yn sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)