Noardewynlive-koar oefenet foar City Proms

It Noardewynlive koar fan Omrop Fryslân hat sneontemiddei en sneontejûn foar de twadde en lêste kear rippetearre. It koar is ûntstien nei in oprop fan presintator Willem de Vries yn syn wyklikse radio- en tv-programma Noardewyn live.
De 170 koarleden sille nije wike freed op it City Promsfestival optrede op it haadpoadium, flak foar it optreden fan it Noord Nederlands Orkest. It koar is dwaande mei it ynstudearjen fan 'licht klassyk' reportoire.