Boat fêst ûnder Hitsumer brêge

18 jun 2016 - 17:03
  • De motorboat sit muorrefêst ûnder de brêge fan Hitsum

Under de brêge fan Hitsum siet sneon in motorboat fêst. Op de wetterkaart stiet dat de brêge 2,38 meter heech is. De boat dy't fêst sit is 2 meter 35 en hie sadwaande ûnder de brêge trochfarre kinnen. Probleem is lykwols dat it wetterpeil heger is as normaal.

Boppedat is de brêge al 25 jier âld en soe miskien troch de jierren hinne fersakke wêze. It bart geregeld dat boaten ûnder de brêge fêst komme te sitten. Loskomme is faak in toer en de boaten rinne in soad skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)