Reduzum wol gjin sinnepark yn plak fan doarpsmûne

In nij sinnepark by Reduzum is gjin goed alternatyf foar de wynmûne yn it doarp. Dat seit Henk Vellinga fan stifting Doarpsmûne Reduzum. Reduzum wol de âlde wynmûne ferfange troch in nijer type. De gemeente Ljouwert is mei de nije mûne akkoart, mar de provinsje net. Dy wol net mear ynvestearje yn op himsels steande mûnen, lykas dy yn Reduzum, mar sjocht leaver ien grut wynmûnepark op de Iselmar.
Guon provinsjale politisy ha de Redústers advisearre om in sinnepark te realisearjen, mar dêr fielt it doarp net folle foar.
Yn Reduzum lizze mei-inoar al sa'n 2.500 sinnepanielen op de dakken, mar in fjild fol by it doarp sjogge se net sitten. De Redústers stride yn alle gefallen noch even troch foar in nije mûne.