'Kultureel haaddoarp' De Hoeve hat eigen frijheidsbyld

18 jun 2016 - 16:08

Yn De Hoeve, tusken Wolvegea en Noardwâlde, is sneon in 'Frijheidsbyld' ûntbleate. Dat barde yn bywêzen fan kultuerwethâlder Frans Kloosterman en de bern fan iepenbiere skoalle De Klaeter. It byld bestiet út in tal libbensgrutte houten skiep, dy't troch skoalbern beskildere binne.

Pleatslik keunstner Martin de Jong betocht it byld. It frijheidsbyld stiet symboal foar mienskip, belutsenens en frijheid. Tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd wol De Hoeve him oer twa jier presintearje as kultureel haaddoarp fan 2018.

Dan wolle de goed 400 ynwenners sjen litte dat it prima wenjen en wurkjen is yn De Hoeve en de Stellingwerven. Nei de ûntbleating fan sneon op it sportfjild wurde de houten skiep by de yngong fan it doarp set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)