Earste training SC Hearrenfean mei Jurgen Streppel

SC Hearrenfean is sneon op sportpark it Paradyske yn Langsweagen as ien fan de earste teams yn de earedifyzje begûn oan de tarieding op it nije seizoen. It wie ek de earste training mei Jurgen Streppel as trainer. Hy is sneon troch algemien direkteur Luuc Eisenga oan de groep foarsteld. Neffens Eisenga hat SC Hearrenfean in hektyske perioade achter de rêch, mei ûnder oare it fuortgean fan technysk direkteur Hans Vonk.
Neffens Eisenga hat de klup wat goed te meitsjen nei it teloarstellende tolfde plak fan it foarige seizoen.
De klup siket noch nei in stikmannich nije spilers. Eisenga is bliid dat FC Twente yn de earedifyzje bliuwt. Dat hâldt yn dat âld-Hearrenfeanspiler Hakim Ziyech, no troch Twente, ferkocht wurde kin. Omdat SC Hearrenfean Ziyech oplaat hat, krijt de klup in persintaazje fan de opbringt fan de ferkeap fan Ziyech.