Der komt in ekstra foarstelling fan 'De Suvering' in Wergea

"De Suvering' wint twa Gouden Gurbes
De belangstelling foar it iepenloftspul De Suvering yn Wergea is sa grut, dat de organisaasje besletten hat om in ekstra foarstelling te jaan. De seis plande foarstellings binne sa goed as útferkocht. Dêrom wurdt kommende tiisdei in ekstra opfiering hâlden.
'De Suvering' giet oer trije finzenen dy't ûntkomme út de finzenis en op syk gean nei in skat dy't ien fan de trije begroeven hat. De foarstellings fan 'De Suvering' wurde hâlden op it plak fan de âlde wettersuvering fan it tsiisfabryk dat foarhinne yn Wergea stie.