Brede PvdA-aksje foar Sadeq Asgharzadah

18 jun 2016 - 10:44

De driigjende útsetting fan de 18-jierrige Sadeq Asgharzadah út Burgum krijt lanlike oandacht. Neidat Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA har al ynspand hat foar it lot fan de fan oarsprong Afghaanske jonge, komt no ek PvdA-riedslid Esther van Dijken út it Grinzer Winsum yn aksje for in rommer bernepardon.

Earder waard in moasje om it pardon te ferromjen al oannaam troch it PvdA-kongres, mar der is oant no ta noch neat mei dien. Van Dijken hat moandei in petear mei Diederik Samsom, se wol dat hy him mear ynset foar it pardon.

Trefwurden: 
Sadeq Asgharzadah Burgum PvdA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)