Grut part fan Drachten siet in nacht sûnder wetter

18 jun 2016 - 08:08
  • Kraanwetter

In grut part fan Drachten hat fannacht en fan 'e moarn lêst hân fan in wettersteuring, dy't feroarsake waard troch in breuk yn in haadlieding by De Hemmen. Der wie hielendal of mar in bytsje wetterdruk. It gie om it gebiet mei de postkoades 9201, 9202, 9203, 9204 en 9205.

Sneontemoarn tsjin achten wie de steuring ferholpen en waard de druk op it liedingnet der wer opsetten. Minsken kinne earst noch wol lêst hawwe fan brún wetter út de kraan. It advys is om de kraan dan rinne te litten oant it wetter wer helder is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)