"Ofskied Halbertsmafabriken" siket eksposysjemateriaal

18 jun 2016 - 07:45

Foar de gelegenheidstentoanstelling "Ofskied Halbertsmafabriken" dy't ein oktober yn Grou hâlden wurdt, kin hjoed en kommende freed guod ynlevere wurde. De tentoanstelling moat in byld jaan fan de histoarje fan de Halbertsmafabriken, dy't fan 1890 oant 2013 yn Grou stiene.

Wa't guod hat dat brûkt wurde mei foar de tentoansteling kin dat tusken 10.00 en 12.00 oere bringe by it bedriuw Van Vuuren dat no yn it Halbertsmagebou sit. Dat kin nije wike freed ek noch, mar dan middeis tusken 14.00 en 16.00 oere.

Nei de tydlike tentoanstelling giet it materiaal oer nei it museum Hert fan Fryslân foar in eksposysje oant septimber takom jier. Op 29 oktober wurdt der ek in grutte Halbertsma-reuny hâlden.

Minsken dy't wolle dat har materiaal goed bewarre bliuwt, kinne dat ek oan it museum skinke of yn brûklien jaan. It palletfabryk yn Grou wie jierrenlang in wichtige wurkjouwer yn Grou. Trije jier lyn waarden de fabriken sletten.

Trefwurden: 
Halbertsma Grou eksposysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)