Drankrider It Hearrenfean is rydbewiis kwyt

17 jun 2016 - 22:32
  • Alkoholkontrôle

In 21-jierrige man fan It Hearrenfean is freed syn rydbewiis kwytrekke. De begjinnend bestjoerder waard op de Kleine Kerkstraat kontrolearre en al gau die bliken dat hy mei drank op achter it stjoer siet. Om't dit net de earste kear wie, is syn rydbewiis ynnaam.

De man moat dêrneist in kursus folgje oer de gefolgen fan it riden mei drank op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)