Metamorfoaze foar Frjentsjerter stedspark is klear

Ynwenners fan Frjentsjer kinne wer kuierje yn it Sjaerdemapark by de Harnzerstrjitwei. It stedspark waard freedtemiddei offisjeel weriepene troch wethâlder Joop Bekkema.
De gemeente Frjentsjerteradiel en de provinsje hawwe tegearre 368.000 euro op it kleed lein om it ferrinnewearre park oan te pakken. It wetter is útbaggere, de paden binne opnij oanlein, de wâlbeskoeiïng is fernijd en beammen en planten binne opnij plante.
Byld út omwaaide kastanjebeam
By de yngong fan it park is in keunstwurk fan Bob van der Werff delset op it plak dêr't yn 2013 in kastanjebeam omwaaide. De keunstner makke fan datselde hout in byld fan in frou, mei de namme 'Renate'.