Thrillerauteur Karin Slaughter sinjearret op It Hearrenfean

17 jun 2016 - 20:33
  • Thrillerskriuwster Karin Slaughter sinjearret yn boekhannel Binnert Overdiel op It Hearrenfean

De wrâldferneamde skriuwster Karin Slaughter út Amearika wie freedtemiddei te bewûnderjen yn boekhannel Binnert Overdiep, op It Hearrenfean. Spesjaal foar de lansearring fan har nije boek 'The kept woman' (Nederlânske titel: 'Verborgen') wie Slaughter yn Fryslân. Fans wienen massaal nei de boekhannel kaam. Se koenen nammentlik it nije boek sinjearre krije troch Slaughter sels. It wie sa drok, dat der in rige oant bûten de boekhannel stie.

Njonken It Hearrenfean sinjearre Slaughter har boek freed ek by boekhannel Van der Velde yn Ljouwert.

Sterke konneksje mei Fryslân

De 'queen of crime' seit in sterke konneksje te fielen mei de Fryske provinsje. Se fynt Friezen waarm en ferwolkommend. Slaughter komt dan ek graach yn Fryslân.

De thriller-skriuwster is ien fan de wichtichste thrillerauteurs yn de wrâld. Fan har boeken binne mear as 30 miljoen eksimplaren ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)