Frijwilliger straft foar oantaasting âldere frou

17 jun 2016 - 20:14
  • Justysje

In 76-jierrige man út Wolvegea hat foar de oantaasting fan in âldere bewenster fan in ferpleechhûs in wurkstraf fan 40 oeren ûnder betingst krigen. De man wie frijwilliger yn ferpleechhûs LindeStede yn Wolvegea en tute in 86-jierrige bewenster. De straf is gelyk oan de eask dy't twa wiken lyn steld waard. De fertochte hoecht net te wurkjen, as er him net opnij skuldich makket oan itselde fergryp. Hy moat him wol behannelje litte.

Yn desimber 2014 fertelde de frou oan har soan dat sy hommels troch de frijwilliger tute waard. De frijwilliger hie har werombrocht nei har keamer en him oan har oantaaste. Se is hjirtroch bang wurden en wol fan dy dei ôf dat har keamerdoar op slot draaid wurdt. De soan die dêrop syn beklach by de direksje fan it ferpleechhûs en in oanjefte folge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)