Doarpsferbetteringen sette Hitsum op 'e kaart

17 jun 2016 - 19:52
  • Nij ynformaasjepaniel yn Hitsum
  • It nije ynformaasjeboerd yn Hitsum
  • In barte foar it oanlizzen fan boaten

It doarp Hitsum stiet nei tal fan doarpsferbetteringen net allinnich better op 'e kaart, mar ek better 'op it boerd'. As ôfsluting fan saken dy't it doarp oanpakte, binne freed trije ynformaasjepanielen pleatst. De bourden jouwe ynformaasje oer it doarp, de skiednis en de natoer yn de streek.

Nije winsken

Hitsum, in aktyf doarp mei sa'n 250 ynwenners ûnder de reek fan Frjentsjer, hie tal fan winsken opnaam yn de doarpsfyzje 2020. Dochs is der no al in soad fan realisearre: it doarpshús is fernijd en útwreide, de boarterstún is oanpakt en der kaam in barte foar it oanlizzen fan boaten.

Dochs binne der ek al wer nije winsken dêr't doarpsbelang drok mei is, lykas de oanlis fan in doarpstún en it oanpakken fan de Hoofdweg troch it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)