Miljoen euro foar natoergebiet Twizelermieden

Yn natoergebiet De Twizelermieden © Omrop Fryslân - Remco de Vries
Der is ien miljoen euro beskikber foar it ferbetterjen fan de natoer yn natoergebiet de Twizelermieden. It jild wurdt ek brûkt foar de rekreaasje yn it gebiet. Deputearre Steaten ha dizze wike grien ljocht jûn foar de plannen.
De yngrepen moatte der foar soargje dat âlde kwelstreamen wer werom komme. Kwelwetter is hiel skjin en ryk oan mineralen. Dat smyt tige seldsume plante- en bistesoarten op. In rûte foar in fytspaad fan de Ald Dyk nei de Tjoele is neffens eardere plannen wol wat nei it suden opskood nei oerlis mei omwenners.
De provinsje betellet 945.000 euro. De rest fan it jild komt fan behearder Steatsboskbehear en de gemeente Achtkarspelen.