UR Caparis wol nij petear mei alle 66 riedsfraksjes

17 jun 2016 - 16:23

De ûndernimmingsried fan Caparis wol op koarte termyn yn petear mei de 66 riedsfraksjes fan de 8 gemeenten dy't oandielhâlder binne fan it wurkfoarsjenningsbedriuw. Doel fan de byienkomst is om fia de fraksjes te kommen ta in ûnôfhinklik ûndersyk nei de gong fan saken binnen it bedriuw.

In earder fersyk fan de ûndernimmingsried (UR) rûn op neat út om't de belutsen wethâlders dat wegeren. Neffens de leden fan de UR wurde de wethâlders bewust ferkeard ynformearre troch de ried fan kommissarissen fan Caparis.

Dêrtroch soene riedsleden ek net altyd de goeie ynformaasje krije. De UR hat dêrneist it idee dat net alle fraksjes efter de stânpunten fan de wethâlders stean. In petear tusken de UR en de oandielhâlders oer de problemen binnen Caparis rûn freed op neat út.

De skriftlike ferklearring fan de UR fan Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)