Bart Kingma fielt de nacht fan Flylân mei gasten

Twa minsken, ien nacht, in kamera en in plak midden yn de natuer. Dat binne de yngrediïnten fan it livestream-programma 'Fiel de nacht'. Programmamakker Bart Kingma sil in folsleine nacht trochbringe mei in gast earne op Flylân. Fan 21.00 oere jûns oant 6.00 oere moarns wurde der djipgeande petearen fierd, wurdt der dronken, kuiere, iten; alles wat der mar betocht wurdt op it momint. Under oare Arriva-direkteur Anne Hettinga en skriuwster en aktiviste Aggie van der Meer binne te gast. Wy lizze Bart sân fragen foar.
Wêr ferbliuwe jimme?
"We sitte yn de mobile studio fan Omrop Fryslân. Dat is in soarte fan pleksyglêzen kontener. It skûtsjesjoernaal bygelyks wurdt dêr ek yn opnaam. Ik leau dat it likernôch fjouwer by seis meter is. We rjochtsje him yn in sliepbank, wat stuollen, in taffeltsje en wat húsried. En om de studio hinne hawwe wy in lyts kampke grûn oan de floedline fan it Waad. We kinne dus nei bûten ta as we dat wolle, om frisse lucht te heljen. Dat sil miskien ek fan it waar ôfhingje. Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien..."
Wêr silsto it dy hiele tiid mei dyn gasten oer ha?
"Oer it libben... No ja, oer alles wat it libben boeiend makket. Gasten meie ek sels dingen meinimme dêr't se it oer ha wolle. Dat kinne foto's wêze, of muzyk, of iten, makket net út. Soksoarte dingen sizze wat oer de driuwfearren, dreamen, eangsten of skiednis fan in persoan. En dat is dêr't it úteinlik om giet: ik hoopje ta goeie petearen te kommen oer wat foar minsken úteinlik it libben sa boeiend, spannend, yngewikkeld, mar foaral moai makket. Mar oft dat slagget? Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien...
Bliuwe jimme de hiele nacht wekker of sille jimme wolris efkes in knipperke dwaan?
"Der stiet in prachtige sliepbank yn de studio, ientsje. Dus tegearre sliepe sit der net yn. As ien fan ús beiden de eagen tichtdwaan wol, kin dat. En dat mei ek. Miskien falle we healweis de nacht wol yn in gat en is in sliepke needsaaklik. Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien..."
Wêr sjochsto it measte tsjinoan?
"Njoggen oeren op mekoars lippe sitte, mei minsken dy't je net goed kenne... Dat sil echt net altyd like maklik wêze. Miskien wurde de lestichste mominten wol dyjinge wêryn't we krekt nét yn in goed petear sitte, mar inoar efkes wat loslitte. Wat dogge je dan mei-inoar, hoe hâldst dan de sfear deryn? Miskien is dat wol yngewikkeld, mar miskien falt dat ta. Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien..."
Hoe bisto fan plan om wekker te bliuwen alle nachten?
"Ik bin bang dat dêr mar ien manier foar is: oerdei goed sliepe. As de gast moarns om seis oere ôfset, gean ik koart dêrnei nei it gasteferbliuw fan Steatsboskbehear, dêr't we sliepe kinne. Dat is in moai rêstich plak, dus ik hoopje dat dat slagget. Dat jildt likegoed foar kollega's Gerard, Martin, Jan en Timo. Sy moatte like hurd de hiele nacht oan de bak om alles te registrearjen. Dat is foar ús allegearre in flinke oanslach op ús fysyk. Dus oerdei lizze we mei syn allen te snoarkjen. Mar miskien snoarkje se ek wol net. Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien..."
Mei hokker doelen giesto de nacht yn?
It doel is om mei moaie minsken moaie petearen te fieren op in moai yntym plak. Elkenien kriget in soarte fan geloksgefoel as er op in prachtige stille lokaasje yn de natuer is. En elkenien bliuwt nachts wolris sitten om oer it libben te prakkesearjen, of dêr mei in neisten in goed petear oer te hawwen. Dát gefoel, dat sykje we. Ik hoopje fan alle fiif gasten ek echt wat leare te kinnen. Libbenswiisheden, of ferfrissende ideeën of ynstellingen. Dat sil de persoan ferskille. In direkteur fan Arriva (Anne Hettinga) sil oare driuwfearren hawwe as in 88-jierrige skriuwster (Aggie van der Meer). En in âld-deputearre dy't troch kiezers fuortstimd is (Jannewietske de Vries), sil oare ferwachtingen fan it libben hawwe as in jonge, sosjaal beweegd arsjitekte (Nynke Rixt Jukema). Om mar net te sprekken fan it yngripende libbensferhaal en de prachtige ambysjes fan Jack Bottleneck. Ik hoopje fan elk te hearren wat it libben mei harren die, docht en dwaan sil. Mar oft dat slagget? Gjin idee, ik haw it ek noch nea earder dien..."
Do wolst û.o. graach fan dyn gasten witte hoe’t harren moaiste nacht der útsjocht, mar: hoe sjocht dyn moaiste nacht derút?
"Ik hâld echt fan de nacht. Fan de stilte, de ynbannigens. De nacht set in swart stek om dyn libben hinne. Dat jout rêst. Gjin ôflieding. Allinnich mei josels (teminsten, as myn dierberen op bêd lizze). Dus foar myn ideale nacht is net folle nedich. In moai petear mei myn frou. En as dy der net is, dan de stilte. En om dy te ferbrekken wat moaie muzyk, in flesse wyn, in blauskimmeltsiiske, miskien in goed boek of wat moaie teksten.  Dan bin ik wis fan in moaie nacht. Want ja, dat haw ik wolris faker dien...."
Sneintejûn begjint 'Fiel de nacht'. De petearen binne de hiele nacht tusken 21.00 en 6.00 oere live te folgjen op Finster op Fryslân. Mear ynformaasje oer 'Fiel de nacht' en de gasten binne de finen op omropfryslan.nl. Dêr wurdt ek in blog byhâlden oer de nacht en de dei. Omrop Fryslân telefyzje stjoert ein desimber in kompilaasje út fan de petearen.