"Oerfal Nes wie tige gewelddiedich"

17 jun 2016 - 15:24

Der sit noch net folle skot yn it ûndersyk nei de oerfal op de 73-jierrige man yn Akkrum-Nes. De plysje hat in team fan goed tsien man op de saak set. Neffens in wurdfierder hat de oerfal -seker foar Fryske begrippen- tige gewelddiedich west. It slachtoffer waard fêstbûn en mishannele. "Yn de Rânestêd en yn Brabân sjogge se net mear op fan sokke rôfoerfallen, mar wy hjir yn Fryslân wol", sa sei de wurdfierder.

Opsporing Verzocht

De saak is foarlein oan it TV-programma Opsporing Verzocht. In probleem is lykwols dat der gjin bylden fan bewakingskamera's binne. Ek in dúdlik sinjalemint fan de twa dieders ûntbrekt.

Trefwurden: 
oerfal Nes (Akkrum)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)