Beslachlizzing op guod mei wearde fan in ton yn Akkrum

17 jun 2016 - 14:10
  • CJIB

It Centraal Justitieel Incassobureau (CJIB) hat beslach lein op besittingen fan in ynwenner fan Akkrum. It giet om caravans, in boat, in sloep, ferskate auto's en in trailer. It guod hat in totale wearde fan sa'n 100.000 euro.

It CJIB giet oer ta sa'n maatregel wannear't de rjochter ien in boete opleit en dy persoan dy boete net op 'e tiid betellet. De feroardielde hat noch sân dagen om foar te kommen dat it guod iepenbier ferkocht wurdt, troch te foldwaan oan de boete.

Om de privacy fan de Akkrumer te beskermjen, wol it Iepenbier Ministearje net sizze om wat foar saak it giet. Wol lit in wurdfierder fan it CJIB witte dat de boete al yn 2004 oplein is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)