Noch hieltyd gjin oerienstimming by Caparis

17 jun 2016 - 13:07
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

It petear tusken de oandielhâlders fan Caparis en de ûndernimmingsried fan de sosjale wurkfoarsjenning is op neat útrûn. De wethâlders fan de acht gemeenten dy't partisipearje yn Caparis bliuwe achter de Ried fan Kommissarissen stean.

De ûndernimmingsried hat in oantal wiken lyn it fertrouwen yn de Ried fan Kommissarissen, mei foarsitter Robert Veenstra, opsein. Yn in twadde petear mei de oandielhâlders hie de ûndernimmingsried in tal easken dellein oer de gong fan saken.

Opstappe

Se wolle dat foarsitter Veenstra opstapt en dat de kandidaat Pieter de Kroon fan de ûndernimmingsried talitten wurdt ta de Ried fan Kommissarissen. Dy wegeret lykwols de kandidaat te akseptearjen. De Kroon hat him yntusken weromlutsen omdat hy net fia juridyske prosedueres yn de Ried komme wol. Tongersdei waard bekend dat hy it reedrydbûn KNSB foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen wurden is.

Unôfhinklik ûndersyk

Fierders moat der neffens de ûndernimmingsried in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de gong fan saken yn de top fan it bedriuw. De oandielhâlders wolle dêr net op yngean, omdat dat neffens harren fia de direksje oanfrege wurde moat.

De rjochtsaken tsjin de twa direkteuren Sinnema en Weisenbach soene stopset wurde moatte. De oandielhâlders wolle oan dizze easken net meiwurkje. Se ha foarsteld mediation yn te setten tusken de ûndernimmingsried en de Ried fan Kommissarissen, mar dêrfoar is it neffens de earste te let.

Grutte soarch

It managementteam fan Caparis hat yntusken yn in brief oan direkteur Ben Gerrits ek harren grutte soarch útsprutsen oer de gong fan saken yn it bedriuw. Se freegje harren ôf oft direkteur Ben Gerrits en de Ried fan Kommissarissen wol lieding jaan kinne yn it herstruktureringsproses dêr't Caparis yn sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)