CDA bang foar oerlêst sântransport nei knooppunt De Jouwer

17 jun 2016 - 12:48
  • De Jouster rotonde út de loft

De CDA-fraksje yn de gemeente De Fryske Marren hat fragen oer it sântransport, dat nedich is yn ferbân mei de wurksumheden oan it knooppunt De Jouwer. Tusken ein juny oant de ein fan dit jier sille 48 frachtweinen de Haulstersingel by del moatte. De singel is dan fanwegen de feiligens ôfsletten foar it oare ferkear.

De CDA-fraksje makket him soargen oer oerlêst foar omwenners, de feilichheid fan fytsers en oer skea oan de dyk.

De fraksje wol fan boargemaster en wethâlders witte oft dy plannen meitsje wolle om de oerlêst safolle mooglik te beheinen en oft dy ree is om eventuele skea te reparearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)