Rob Maas wurdt nije haadtrainer fan SC Cambuur

17 jun 2016 - 09:46
  • Rob Maas
  • It stadion fan SC Cambuur

Rob Maas wurdt de nije trainer fan SC Cambuur. Om 11 oere wurdt hy presintearre yn it Cambuurstadion. Maas hat it lêste healjier waarnimmend haadtrainer fan Vitesse út Arnhem west. Dêrfoar wie hy sûnt 2014 de assistint fan Peter Bosz dy't yn de winter de oerstap makke nei Maccabi Tel Aviv út Israel.

It healjier dat Maas einferantwurdlike wie by Vitesse, wie gjin sukses. Hy wûn mar fjouwer fan de santjin wedstriden. Dêrtroch rûn de klup út Arnhem de neikompetysje om Europeesk fuotbal mis.

Nijsgjirrich is dat Maas syn debút as haadtrainer makke hat yn Ljouwert, doe't hy de earste trainer by Vitesse waard. Rob Maas is de opfolger fan Marcel Keizer, dy't takom jier de trainer fan Jong Ajax yn de Jupiler League wurdt.

Maas hat in lange karriêre as spiler efter him. Tusken 1989 en 2009 spile er foar Eindhoven, RKC Waalwijk, Feyenoord, Arminia Bielefeld, Hertha BSC, MSV Duisburg, Heracles en RKC Waalwijk.

Ferslachjouwer Andries Bakker is by de parsekonferinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)