Auto botst op frachtauto op flechtstrook op A6

16 jun 2016 - 22:32
  • De auto botste fol achterop de truck op de flechtstrook

By in ûngelok op de A6 by De Lemmer is tongersdeitejûn in automobilist ferwûne rekke. De bestjoerder botste achterop in frachtwein. Dy stie mei maleur oan de kant fan de dyk.

De brânwacht hat de bestjoerder út de auto helle. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)