Museumwerf op Skylge hâldt nei tsien jier op

De Museumwerf op Skylge moat nei tsien jier ophâlde te bestean. De werf hat net genôch opdrachten yn de skipsbou om trochgean te kinnen.
Yn 'e ôfrûne jierren binne op de werf ferskate bysûndere projekten útfierd. Sa is der in replika makke fan de sloep wêrmei't Willem Barentsz nei Nova Zembla gie. Ek hawwe se op de werf de iennige noch farrende roeirêdingsboat restaurearre.
Foarsitter Martinus Koster fan de Museumwerf op Skylge is net bot teloarsteld oer it sluten fan de werf. "Het was de bedoeling om een of twee grote projecten te doen en daarna weer te stoppen, maar het is veel langer doorgegaan dan we hadden durven denken."
It moaiste projekt fan de ôfrûne tsien jier fûn er de restauraasje fan de roeirêdingsboat. "We kunnen nu al een jaar of vijf demonstraties geven met de roeireddingboot getrokken door tien tot twaalf paarden, over het duin, over het strand en bij verantwoorde golfslag lanceren in zee. En dat gebeurt nergens ter wereld."