Kulturele kuiertocht Sint-Annebuorsters en asylsikers

In kulturele kuiertocht fan it azc nei it sintrum fan Sint-Anne moat ynwenners en asylsikers neier ta inoar bringe. Der docht in koar oan mei fan doarpsbewenners en asylsikers, en der binne teaterstikje te sjen. De hurde realiteit fan flechtlingen kriget ek in plak yn de útfiering.
It koar hat positive effekten en dêrom moat it bestean bliuwe. Dat fine se yn it doarp. Der binne al kontakten tusken minsken út it doarp en it azc bûten it koar om. De organisaasje sil besykje subsydzje te krijen. It evenemint is op 24, 25 en 26 juny.