Pieter Bos stiet tenei by Cambuur op doel

16 jun 2016 - 20:35

De 19-jierrige keeper Pieter Bos spilet kommend seizoen foar SC Cambuur. De Bûtenposter komt oer fan SC Hearrenfean. Hy slút direkt oan by de earste seleksje. De klup hat de seleksje mei it oanlûken fan de 1.93 meter lange Bos foar kommend seizoen klear wat de doelferdigeners oanbelanget.

De 25-jierrige oanfaller Mikhail Rosheuvel giet fan Cambuur nei Roda JC. Hy hat yn Kerkrade in kontrakt foar twa seizoenen tekene. Rosheuvel wie kontraktfrij.

Trefwurden: 
Pieter Bos SC Cambuur fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)