"Ljouwerter bernebuorkerij soarget goed foar de bisten"

16 jun 2016 - 20:20
  • Bernebuorkerij yn Ljouwert

Eigener Germ Reitsma fan de Ljouwerter bernebuorkerij fynt de oprop dat bernebuorkerijen better foar de bisten te soargjen, frjemd. De lanlike stichtingen Comité Dierennoodhulp en DierenVangnet fine de oprop needsaaklik. Guon hokken soene te lyts wêze, der soene eksoatyske bisten hâlden wurde en der soe hannele wurde mei de bisten.

Neffens Reitsma hawwe bernebuorkerijen de lêste tsien jier in soad dien foar it wolwêzen fan de bisten. Sa stekt hy in soad jild yn it foarkommen fan sykten. Der binne ek gruttere kninehokken kaam.

Reitsma doar de hân der wol foar yn it fjoer te stekken dat de bisten by him goed fersoarge wurde. Hy hannelet wol yn skiep en geiten. Dat is oan de iene kant needsaaklik. Der moat jild op it kleed komme, want de Ljouwerter bernebuorkerij moat it sûnder subsydzje dwaan. Mar it is ek leafhawwerij, om bygelyks moaiere geiten te fokken of om lamkes te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)