Ljouwerters kinne 'DNA donearje' foar KH2018-keunstwurk

Lytse plestikbuiskes moatte yn 2018 in grut keunstwurk foarmje. Alle ynwenners fan Ljouwert kinne wat persoanliks yn it buiske dwaan. Alle buiskes mei-inoar (120.000 stiks) moatte yn de foarm fan in skulp it DNA fan de stêd Ljouwert foarstelle. DNALWD2018 is in projekt fan keunstners Hein de Graaf en Joop Zwart.
Takom tiisdei sille de keunstners nei de Montessoriskoalle fan Ljouwert. Alle learlingen krije dan de mooglikheid om harren ferhaal oan it buiske ta te betrouwen.
Hein de Graaf hat yn syn buiske in foto dien fan syn dochter doe't se noch lyts wie. "Verder zit er een kraaltje in van een kralenketting die ik altijd om heb. Nog een rood steentje dat staat voor hartstocht. En een stukje blauw glas uit Venetië dat een bijzonder verhaal vertelt van mij en mijn vrouw. Welk verhaal? Nee dat vertel ik niet, want in de DNA-buisjes kun je ook geheimen bewaren."