Weening wint sechsde etappe yn Ronde fan Switserlân

16 jun 2016 - 17:27

Pieter Weening hat tongersdei de sechsde etappe fan de Ronde fan Switserlân op syn namme skreaun. De Harkemaster sprong op sa'n tsien kilometer foar de finish fuort út de kopgroep. Dêrtroch moast er solo de slotklim op. Dat smiet gjin problemen op, want de hurdfytser fan Team Roompot boude syn foarsprong allinnich noch mar fierder út. Weening kaam allinnich oer de einstreek. Weening stiet op de 42e plak yn it algemien klassemint.

Earder wûn er al de Ronde fan Noarwegen en de twadde etappe fan dy omgong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)