File op A32 troch famyljerûzje en bedriging

16 jun 2016 - 17:21

In ferkearsrûzje wie de oarsaak fan in file op de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea. It soe gean om in rûzje yn de relaasjesfear dy't útfochten waard op de sneldyk. Derby hawwe twa auto's inoar rekke. Der is gjinien ferwûne rekke. De plysje hat twa minsken oanhâlden en de auto's binne fuortsleept.

Troch de rûzje en de oanhâlding hat de A32 by Aldeholtpea ôfsletten west. Ferkear moast oer de flechtstrook.

UPDATE: Sûnt 18.20 oere is de dyk wer frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)