Sportferienings kinne jild krije foar enerzjybesparrings

16 jun 2016 - 17:12

Fryske sportferienings kinne subsydzje krije om te besparjen op de stroomrekken. Dêr is in proef mei dien yn Noardeast-Fryslân. Dy wie sa súksesfol dat it no jildt foar de hiele provinsje.

Sportferienings kinne advys krije oer hoe't se enerzjy besparje kinne. Dan giet it bygelyks oer de ferljochting fan de sportfjilden of de ferwaarmingsynstallaasje. Mei it jild kinne se ek ynvestearje yn it sels opwekken fan enerzjy, mei bygelyks sinnepanielen. Sân ferienings hawwe ûnderwilens al subsydzje oanfrege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)