Seis ûntwerpen foar nij KH2018-gebou Lân fan Taal

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert moat yn 2018 in nij gebou komme dêr't de Fryske taal en meartaligens yn sintraal stiet. It is ûnderdiel fan it projekt Lân fan Taal fan de Kulturele Haadstêd 2018. Seis arsjitekten, fan wa't fjouwer út Fryslân komme, presintearje tongersdeitejûn yn it stedskantoar yn Ljouwert harren ûntwerp foar it nije multyfunksjonele gebou. It nije gebou mei likernôch 7 ton kostje.
Op 5 july wurdt bekend makke hokker ûntwerp útfierd wurdt.
It nije gebou krijt in kombinaasje fan ferskate funskjes. It gebou krijt ek in tribune dy't brûkt wurde kin as der eveneminten op it plein binne en der komme ek húskes yn. Wat by de presintaasjes fan de seis plannen opfalt, is dat dy tige ferskillend binne. Johan Sytsma fan Jelsum hat keazen foar 'in hûs op in terp', mei in knypeach nei de skiednis.