FIDEO: "KH Ljouwert moat net rekkenje op miljoenen besikers"

Ljouwert moat yn 2018 net rekkenje op miljoenen besikers oan Kulturele Haadstêd. Dat seit Durk Gorter, ynwenner fan San Sebastian, de stêd yn Spaansk Baskelân dy't dit jier Kulturele Haadstêd fan Europa is. San Sebastian is yn it Baskysk Donostia. Ferslachjouwers Eduard Rekker en Karen Bies wiene yn San Sebastian foar Finster op Fryslân. Se giene op stap mei Durk Gorter.