Berne-iepenloftspul ferhuzet nei 20 jier nei nije lokaasje

It berne-iepenloftspul Easterwierrum ferhuzet nei tweintich jier fan de tún fan katolike tsjerke nei in nij fêst plak. De lokaasje is no in terrein achter it doarpshûs. Dêr is freed de earste opfiering.
De bern fan de gemeente Littenseradiel spylje dit jier it stik 'De Geast fan Spultsjelittens'. Dat giet oer bougrûn, bernefantasy en it Fryske doarpslibben. Dat past goed op it nije plak achter it doarpshûs. Dêr is it sicht rom. It publyk sjocht greiden en de toer fan Lytsewierrum.
Op ús webside is folle mear te finen oer de iepenloftspullen en it stik De Geast fan Spultsjelittens.