UPDATE: Treinferkear by Wolvegea komt wer op gong

Trein op it stasjon fan Wolvegea © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Treinreizgers tusken Ljouwert en Zwolle moasten tongersdeitemiddei rekken hâlde mei ekstra reistiid. Troch in oanriding by de oergong yn de Lyclamawei yn Wolvegea rieden der gjin treinen. De ekstra reistiid koe oprinne ta in oere. De NS sette bussen yn tusken Stienwyk en It Hearrenfean.
Om sawat kertier foar fjouweren kaam it treinferkear wer op gong.