Boubedriuw Van Wijnen iepenet nij fabryk op 'e Gordyk

Op 'e Gordyk wurdt freed in nij fabryk fan boubedriuw Van Wijnen offisjeel iepene. It boubedriuw hat al in fabryk op It Hearrenfean, mar dat sit oan de top fan de produksje. De útwreiding is needsaaklik om oan de tanimmende fraach nei foar-produsearre wenningûnderdielen te foldwaan.
Op de nije lokaasje op de Gordyk wurde fliereleminten makke. Dat betsjut wurkgelegenheid foar tsien oant fyftjin minsken. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma iepenet it nije fabryk freed.