Wetterskipslêsten gean omheech

16 jun 2016 - 14:19
  • Kantoar fan it Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

De wetterskipslêsten gean de kommende jierren mei gemiddeld 1,2 persint per húshâlden omheech. In agrarysk bedriuw moat 2,3 persint yn it jier mear betelje. Dat stiet yn it Mearjierrenperspektyf fan Wetterskip Fryslân. De ferheging is nedich om de oprinnende kosten dekke te kinnen, seit it Wetterskip.

De kosten foar ûnderhâld, behear en ynvestearringen yn it wettersysteem rinne op fan 86 miljoen takom jier nei 98 miljoen yn 2021. De kosten foar it suverjen fan ôffalwetter gean yn deselde perioade fan 50 nei 52 miljoen euro yn it jier.

Besunigje

It Wetterskip wol de kommende jierren besunigje om foar te kommen dat de wetterskipslêsten noch fierder omheech gean. Dy besunigingen rinne op nei 4 miljoen euro struktureel yn 2021.

It Wetterskip tinkt kosten besparje te kinnen troch ûnder oare wergebrûk fan it slib út de wettersuveringen en it tapassen fan duorsume enerzjy. Om yn te spyljen op de klimaatferoaringen, moat it Wetterskip de kommende jierren flink ynvestearje yn bygelyks it opheegjen fan diken en kaden en yn de renovaasje en ferfanging fan gemalen. Ek giet der ekstra jild nei mear wetterberging om it wetter by fûle reinbuien tydlik fêsthâlde te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)