Slachbomen brêge Ofslútdyk stikken, file rjochting N-Hollân

16 jun 2016 - 14:09

UPDATE 14:49 De steuring is wer foarby.

De slachbomen fan de brêge by Den Oever op de Ofslútdyk binne stikken. Dat meldt de VID. Troch de kapotte slachbomen stiet der in file fanút Fryslân rjochting Noard-Hollân.

De oarsaak fan de net wurkjende slachbomen is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)