Kamp: Proefboarrings Skiermûntseach gean troch

16 jun 2016 - 13:11
  • Minister Henk Kamp fan ekonomyske saken

De twa tydlike proefboarrings nei gas by Skiermûntseach gean gewoan troch. Mar it is neffens minister Henk Kamp fan ekonomyske saken noch lang net wis dat der by it Waadeilân yndie gas wûn wurde sil. It kin hiel goed wêze dat der úteinlik gjin gas wûn wurdt. Mar it is gjin goede saak om dêr no al op foarút te rinnen, sei de minister tongersdei yn de Twadde Keamer.

Kamp hold de Keamerleden foar dat it net goed is om eltse kear nee te sizzen as der sprake is fan in lyts gasfjild. De Keamer ferset him tsjin de proefboarrings en kearde him earder ek al tsjin mooglike gasboarrings by Skylge, omdat it neffens de Keamer net de bedoeling is dat der yn de natuer nei gas boarre wurdt.

"Bananenrepubliek"

Kamp sei dat er him oan alle prosedueren holden hat en oanfragen soarchfâldich beoardiele hat. Fan trúkjes is gjin sprake, sei Kamp. "Wij hebben in wetten vastgelegd hoe ik met vergunningsaanvragen moet omgaan en dat is omdat het hier geen bananenrepubliek is'', sei de minister.

"Gaswinning nooit toestaan"

PvdA'er Jan Vos fynt it mar frjemd. "Hoezo geef je toestemming voor een proefboring terwijl je weet dat we de gaswinning daar nooit gaan toestaan." De lytse gasfjilden binne neffens Kamp om ferskate redenen wichtich. Se binne goed foar 4.000 direkte arbeidsplakken, smite de oerheid elts jier goed 1 miljard euro op en soargje derfoar dat Nederlân minder ôfhinklik is fan gas út it bûtenlân. De risiko's fan gaswinning yn lytse fjilden binne neffens de minister net te fergelykjen mei dy yn Grinslân, dêr't ierdbevingen no foar in soad skea en ûnrêst soargje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)